Stilte foar de stoarm

Riedslid Freark Siegersma

Riedslid Freark Siegersma

Yn de kadernota 2010 waarden tal fan foarstellen ta besúnigjen dien. Mar lanlik moat ek besúnige wurde en hoe pakt dat út foar de lytse man mei de smelle beurs? Foar minsken fanôf 18 jier mei in ynkommen oant 115% boppe it minimumlean wie bygelyks jierliks 100 euro beskikber, de FNP hat grutte muoite mei it ôfskaffen hjirfan!

 Spitich ek dat krekt wêr’t “ús” ûndernimmers it fan hawwe moatte, de lokale ekonomy, ek besúnige wurdt. Mei namme no’t aansens ek de 11-stêdefarrûte klear is; dêr moatte we reklame foar meitsje; net op besúnigje!!!

 It kolleezje wol de bibleteek in besúnigings-taakstelling fan € 20.000,- oplizze om’t we € 2,21 de ynwenner boppe it lanlik ynstapnivo sitte. Mar wêr it om giet, wat dat betsjut foar it oanbod yn ús gemeente, is net dúdlik. Sa lang dat net dúdlik is kinne wy hjir net foar wêze.

 Beskamsum hoe’t it kolleezje mei de millenniumdoelstellings omgiet; se sil sjen hokker doelen ferfalle of opskood wurde kinne……

 Dan in hiel oar probleem. Der is yn Ljouwerteradiel dan koartlyn wol besletten it oan guon politike partijen sels oer te litten in ûndersyk yn te stellen oer de takomst fan Ljouwerteradiel, mar wy moatte yn oktober wol beslúte oft in part fan de organisaasjes fan de 4 Middelsee gemeenten al as net yn inoar skood wurde moatte.  -  DOCHS IN TIIDBOM?

It soe moai wêze dat, as dat needsaaklik liket te wurden, yn ús gemeente hjiroer in riedsbrede diskusje plak fynt.

Ditselde jildt ek foar de kearntakendiskusje, en mei namme oer de fraach: ”Hokker gemeente wolle wy, en kinne wy wêze?” De FNP nimt oan, dat dêrby spitichernôch ek besúnigings op it aljemint komme en dêr wolle wy graach oer meitinke!



 FNP komt ferkiezingsbelofte NWT al nei

10 juny hat de mearderheid fan de rie fan Menameradiel foar it ynlûken fan it tariedingsbeslút op it trasee fan it NWT stimd. De FNP, de PvdA en GL net. Foar de keunstwurken kinne no fergunnings foar sobere farianten oanfrege wurde en de dyk kin heger yn it lânskip oanlein wurde. Hjir bliuwt de FNP tsjin.

It kolleezje neamt it algemien belang as argumint;  der is gjin algemien belang, dit foarstel giet oer de belangen fan buorgemeenten en de provinsje. Net dy fan de ynwenners fan Menameradiel!

Der soe no wer mear omtinken foar de lânskiplike ynpassing wêze; in terp yn stee fan in keunstwurk dat ûnder de besteande dyk trochgiet om it sicht rom te hâlden. Dit is net wat wy ûnder lânskiplike ynpassing fersteane!

It slimste fan alles is eins wol dat alle partijen yn Menameradiel by de ferkiezings oanjûn hawwe te finen dat it NWT oanlein wurde moast lykas ôfsprutsen. Wêr bliuwt de ynlossing fan dy beloften no?



 Rike provinsjes: sin en ûnsin

Douwe Bijlsma

Douwe Bijlsma

Yn dizze tiden fan krisis is der grut ferlet fan jild by it Ryk. Ferskate finansjele wurdfierders fan de partijen sjogge nei de ‘rike’ provinsjes. Mar is dat wol terjochte? Neffens ús is dizze byldfoarming net korrekt en net yn it belang fan de provinsjes en har bewenners.

Johannes Kramer

Johannes Kramer

 

 

 

 

 

De provinsjes wiene jierrenlang oandielhâlder fan enerzjybedriuwen. Dy oandielen hawwe se krigen doe’t hja de provinsjale publike elektrisiteitsbedriuwen, yn Fryslân it PEB, op oanstean fan it Ryk privatisearren. Yn it gefal fan Fryslân wie dat NUON. Doe hat it Ryk de provinsjes ferplichte ek dy oandielen te ferkeapjen. Finansjeel sjoen is dizze ferkeap goed slagge. De oandielen binne ferkocht foar € 1,1 miljard oan it Sweedske steatsbedriuw Vattenfall. Dat is in knoarre jild. Mar kin dat rjochtfeardigje dat Haachke politisy dit jild wer ôfpakke? 

 Nee, want Fryslân is net ynienen ryk. Doe’t de provinsje noch oandielen (fermogen) hie waarden de opbringsten fan dy oandielen yn de foarm fan dividind brûkt as dekkingsmiddel yn de begrutting. No’t de oandielen ferkocht binne ferfalt it dividind. Dêrfoar yn it plak komt no de rinte op it kaptaal dat wy foar de oandielen bard hawwe. Dat kaptaal is no it nije fermogen en mei de opbringsten dêrfan (de rinte) besykje de Steaten fan Fryslân ús provinsjale húshâldboekje op oarder te hâlden. Dit allegear yn it belang fan de ynwenners fan Fryslân.

Koart kriemd, de opbringsten fan it fermogen, earst it dividind fan oandielen, no de rinte fan kaptaal, is gewoan nedich om de provinsjale húshâlding op oarder te hâlden. Fryslân is net riker wurden. Fansels kinne wy it tafelsulver fan de Fryske mienskip útjaan oan allegear goede saken foar de ynwenners fan Fryslân. Dan tarre wy lykwols yn om’t de rinte-ynkomsten op termyn werom rinne. En dêrtroch ûntsteane begruttingsproblemen en sil de belesting ferhege wurde moatte. Dat wolle wy as it heal kin foarkomme. De FNP is fan betinken dat der hoeden omgien wurde moat mei dit fermogen. Sa kin de provinsje syn wurk foar de mienskip sa duorsum en effektyf as mooglik dwaan. 

Sels hat it Ryk jierrenlang wurke mei in tekoart op har begrutting en dêrmei net goed op ús Nederlânske húshâlding past. De beammen groeiden oant yn de himel. De Nederlânske boarger is ferslaafd rekke oan de hypteekrinte ôftrek. De Euro is ynfierd sûnder fierder te gean mei de needsaaklike politike yntegraasje fan Europa. Dêrmei leit de ferantwurdlikheid foar it oerheidstekoart yn it foarste plak by de Haachske polityk.

Lykwols litte de wurdfierders fan guon politike partijen yn de striid fan de ferkiezingskampanje witte dat dy saneamde rike provinsjes wol koarte wurde kinne of sels dat de provinsjes wol opheft wurde kinne. Op dy wize kin it Ryk it Fryske fermogen fan de Fryske boarger moai brûke foar it oansuverjen fan harren eigen tekoarten. Sa sille de provinsjes bliede moatte foar it minne húswarjen troch it Ryk yn stee fan dat de Haachske polityk sels yn de spegel sjocht. Dat betsjut dat it fermogen fan Fryslân mei brûkt wurde sil foar de Rânestêd en Haachske problemen. En dat njonken de opbringsten fan it gas wêrmei’t ek Fryslân al jierren lang de Rânestêd opkrikt hat.

Dat ferskate partijen yn ferkiezingstiid ynienen roppe dat de provinsje Fryslân yn ien as oare foarm bestean bliuwe moat is moai. Mar in provinsje mei in lege kas is in lege huls. Wy  binne dat Fryske fermogen sels nedich om ús provinsje de driuwende krêft efter ús libbene Fryske mienskip bliuwe te litten, fan doarpshuzen en doarpsskoallen oant it iepenbier ferfier. Lit dêrom oan de keizer wat fan de keizer is: Haachske problemen moatte mei Haachsk jild oplost wurde. 

Douwe Bylsma, Johannes Kramer

Steateleden FNP



 De FNP fraksje fielt har bûtenspul set as it oer it Noard West Tangint giet.

Rikus Sinnema, riedslid FNP Menameradiel

Rikus Sinnema, riedslid FNP Menameradiel

Alle partijen yn dizze rie hawwe altyd tsjin fersobering fan de NWT west. De foarige Rie hat mei it tariedingsbeslút fan it bestimmingsplan de doar iepen set om de provinsje te bewegen mei nije foarstellen te kommen, of har te hâlden oan de oarspronklike ôfspraken. Sy wiene oan set.
En no lêze we dat de proseduere fan it op 18 febrewaris oannommen inisjatyfútstel stop setten is en der leit in oerienkomst mei in fersobere foarstel. De stimmers op VVD, GB en CDA wurde gewoan foar it lapke hâlden!
Dat de ferhâldings mei oare gemeenten en provinsje ûnder spanning stean is logysk en bekend. Mar ús gemeente hat gjin ferlet fan dizze dyk. En seker net as de Heak der net earst leit. Wy moatte yn it earste plak om de belangen fan ús boargers tinke!

It falt ús swier ôf dat it kolleezje yn tsjinstelling ta wat yn it kolleezjeakkoart opnommen is, net útgiet fan it prinsipe dat se mei de hiele Rie ta beslúten komme wol. Hjir leit in breed droegen beslút; gjin fersobering……
Yn stee dêrfan leit der in oerienkomst dêr’t wy as partijen troch it ûntbrekken fan ynformaasje noch gjin oardiel oer jaan kinne. Hoe steil binne de fytstalúds krekt? Is een ferheging yn it lânskip oars as in terpoansjoch? Bliuwe alle net neamde punten fersobere? Minder fersoberje kostet jild, binne oare gemeenten akkoart mei in hegere bydrage? Of de Steaten?

De FNP fynt dat (de publikaasje fan) it tariedingsbeslút al trochset wurde moat. De FNP giet noch hieltyd út fan it beslút dat der gjin sprake wêze kin fan fersoberings, lykas wy de boargers tasein hawwe. Dêrmei is net sein dat gjin inkele feroaring mooglik is, wy wolle best meitinke mar net op dizze wize. Yn it hert moat de saak bliuwe lykas yn de tiid riedsbreed besletten is.



 Weryndieling: Galema makket der in rommeltsje fan

Annigje Toering

Annigje Toering

Deputearre wol no yngripe fan boppen ôf mei de weryndieling. Hy beropt him op in sintsje yn it kolleezje-akkoart fan 2007. Dat soe fuortfallen wêze yn de definitive tekst.

De diskusje oer de rezjyrol fan de Provinsje by de weryndieling en it gebrek oan lieding fan Deputearre Galema dêrby wurdt der neffens de FNP net dúdliker op. Om de nije rezjyrol fan de provinsje te rjochtfeardigjen beropt de deputearre him no ynienen op in neffens him fuortfallen passaazje yn it koalysjeakkoart fan 2007. De FNP wol no witte hoe’t it kin dat net ien hjir yn de Steaten of it Kolleezje fan ôf wist. Dat docht bliken út skriftlike fragen fan de Steatefraksje.

Neffens wurdfierder Annigje Toering groeit de betizing en de argewaasje yn de Steaten oer it sizzen fan deputearre Galema: ‘Yn it Weblog Statenjacht fan LC sjoernalist Jan Arendz fan 10 maaie stiet oer it koalysje-akkoart: ‘Daarin staat niet dat de provincie de regie naar zich toe trekt als de gemeenten zelf geen plannen maken. Maar volgens gedeputeerde Galema heeft dat wel in het akkoord gestaan. In de laatste versie zou het zinnetje weggevallen zijn.’

De FNP wol tekst en útlis. It komt frou Toering nuver foar dat no, trije jier nei’t it kolleezje- akkoart fêststeld is, der ynienen in mysterieus en oant no ta ûnbekend sintsje opdûkt dat in sterkere rezjyrol fan de provinsje sa mar rjochtfeardigje kin. Sy hat fan tinken dat Galema net mear mei it kolleezje-akkoart út de fuotten kin en no in útflecht betinkt om de groeiende krityk op syn optreden oer it gebrek oan rezjy op te fangen. ‘Mei sa’n gefoelich en yngripend ûnderwerp kinne jo dochs net trije jier lang in krúsjale sin misse sûnder dat immen it yn de gaten hat?’, sa stelt frou Toering, “As Galema de rezjyrol fan de provinsje feroarje wol, dan moat hy sa gau as mooglik mei de Steaten dêroer yn petear gean en net ditsoarte fan gekkichheden útfine.’



 Soargen oer fytspaad Berltsum – Wier

Rikus Sinnema, riedslid FNP Menameradiel

Rikus Sinnema, riedslid FNP Menameradiel

It fytspaad tusken Berltsum en Wier leit der beroerd by. Der binne al ûngelokken bard trochdat fytsers tusken de tegels klem komme te sitten. Sa grut binne de foegen tusken de tegels. De FNP fynt dat dit ein opnij bestraten wurde moat.
Yn de gearkomst fan 29 april hat Rikus Sinnema út namme fan de FNP fraksje dit fersyk by it kolleezje dellein.

Op de fraach hoe’t it stiet mei de ûnderhannelings mei de provinsje oer it NWTangint jout it kolleezje oan dat de útgongspunten fan Menameradiel de kearn fan de gesprekken bliuwe. De FNP sil kritysk folgje oft dat ek sa bliuwt!



 Steaten unanym yn moasje: provinsje Fryslân moat bliuwe

Johannes Kramer

Johannes Kramer

Provinsjale Steaten moatte in kar meitsje hokker taken de Provinsje yn de takomst útfiere wol. Dêr hiene de Steaten op 21 april in debat oer. De útstellen fan de FNP giene it fierst. De foarsitter joech Johannes Kramer dan ek as earste it wurd.

Kramer kaam mei in eigen senario: de Provinsje Plus. Kearn fan dit senario is dat de gemeenten, de Provinsje, it Ryk en de publike ynstellingen oer de besteande bestjoerlike grinzen hinne as Fryslân mei-inoar de taken oars en better ferdiele.
It perspektyf fan de Fryske boarger stiet dêrby sintraal, net dat fan de bestjoerders lykas yn alle oare senario’s oant no ta.

Soks kin fansels allinnich as der ek foldwaande middels meikomme. De Steatefraksje pleitet dan ek foar behâld fan in eigen belestingdomein foar de Provinsje. Oerdracht fan foech oer it Frysk hat neffens in moasje fan de fraksje ek allinnich doel as it Ryk syn ynternasjonale ferplichtings ditoangeande neikomt en de nedige finansjele middels oan Fryslân taskikt.

In moasje ûnderskreaun troch alle partijen oer it behâld fan Fryslân as selsstannige oerheid, in eigen belestingdomein en oernimmen fan it foech oer it Frysk troch de Provinsje krige steatebrede stipe. In aparte FNP moasje oer it behâld fan Fryslân as ien feilichheids- en plysjeregio mei de Kommissaris fan de Keninginne as koördinator waard ek unanym stipe. Ideeën út de FNP notysje oer Provinsje Plus sil it Kolleezje brûke as yngrediënten foar de fierdere útwurking. De Steaten wolle no fierder mei it saneamde 4e Senario en de Koöperaasje Fryslân.



 FNP moasje foar keunstgersfjilden Berltsum ôfstimd

Yn de rie fan 18 maart hat de FNP fraksje foarsteld om tagelyk mei it foarwurk foar in keunstgersfjild op Schatzenburg dit ek foar Berltum te dwaan. Foar beide fuotbalfkompleksen lizze der Knvb rapporten dy’t oantoane dat de kapasiteit fan de fjilden no net foldwaande is. Hoewol’t it kolleezje foar dit jier allinnich ynset op de oanlis op Schatzenburg soene jo it foarwurk foar Berltsum fansels wol fêst útfiere kinne. Hjir tocht de rest fan de rie oars oer, de moasje is net oannommen.

MOASJE
Moasje, by punt:”Oanfraach tariedingskredyt omfoarming fjilden Schatzenburg” fan 18 maart 2010.

De ried fan de gemeente Menameradiel, byien op 18 maart 2010

Sjoen:
- It útstel ynsake de oanfraach foar in tariedingskredyt omfoarming fjilden Schatzenburg
- De kapasiteits, -en kwaliteitsproblemen fan fuotbalklub “SC Berlikum”, ferwurde yn har mail fan 16 maart 2010
- De KNVB-rapportaasje (peil 2008) de feriening al op in omslachpunt stie fan 2 nei 3 fjilden en der dêrnei noch 4 alvetallen bykommen binne.
- dat dit gjin tydlike oplibbing is, mar, mei sjoen de bouplannen op de Pôle, in
strukturele groei –
- dat “SC Berlikum” offisjeel de beskikking hat oer in heal trainingsfjild yn stee fan in hielen.
- Ut boaiemûndersyk bliken docht dat mei namme de kwaliteit fan it trainingsfjild en it twadde fjild hiel matich is (leit by de stikken)
- Der op dit stuit regelmjittich troch 2 foltallige seleksjes (40 oant 50 leden) op it heale trainingsfjild traind wurdt.
- De “SC Berlikum” op dit stuit de grinzen fan har mooglikheden mear as berikt hat

Oerweagjende:
- Dat strukturele problemen struktureel oplost wurde moatte.
- Dat op basis fan it prinsipe: “men moat elk lyk en rjocht dwaan” de problemen fan
“SC Berlikum” dan ek oplost wurde.

Stelt út:
- om ek foar “SC Berlikum” opdracht te jaan trainings- en wedstriidkapasiteit te
realisearjen konform de KNVB noarmen.

- Dat de resultaten fan ek dit ûndersyk ûnderdiel wurdt by de behanneling fan de kadernota.

En giet oer ta de oarder fan de dei
FNP-fraksje,
18 maart 2010



 Ynstallaasje nije rie

Tongersdei 11 maart binne de nije riedsleden ynstallearre. Foar de FNP binne dat Freark Siegersma en Rikus Sinnema; ien riedslid minder as yn de foarige perioade. Dat fine we tige spitich. We krije signalen dat de boargers it net nedich fûn hienen om de plaknammen te feroarjen en blykber fûnen se it ek net nedich om de fersobering fan de NoardWestTangint te kearen.

Hawar, de kommende 4 jier sille Freark en Rikus har foar de folle 100% yn it riedswurk stoarte en wa wit wat dat oer 4 jier wer opsmyt. Hawwe jo fragen of opmerkings oan de FNP riedsleden of wolle jo har wat sjen litte of foarlizze, sjoch dan eefkes by it kopke Organisaasje foar de kontaktynformaasje.



 Ienriedich

Yn ‘e lêste riedsgearkomste fan dizze riedsperioade hat de rie unanym in moasje yntsjinne op inisjatyf fan FNP-er Frans Idsinga fan Skingen. Doel fan de moasje is, dat: “minsken mei in beheining harren mei in rolstoel of rollator goed ferpleatse moatte kinne yn ús gemeente”.
Dit wie Idsinga syn lêste riedsgearkomste. Dizze moasje is in moaie ôfslúting.